Fotografe siket help: wa is it famke op dizze foto?

© ArtSpecial - Yvonne Jurgens
Wa is it famke op de boppesteande foto? Dat is de fraach dy't fotografe Yvonne Jurgens fan Hurdegaryp al in skoftke dwaande hâldt. Earder dit jier, op 9 maaie om krekt te wêzen, makke Yvonne yn it Ljouwerter sintrum ferskate foto's. Ynienen seach se neist de fontein by it Saailân in famke sitten. Se betocht har gjin sekonde en makke sadwaande de bysûndere foto. ''It wie in spontane foto'', sa fertelt Yvonne Jurgens.
Waarme dei
''It wie dy dei hiel waarm en it wie drok yn 'e stêd'', neffens Jurgens. ''Ik rûn mei myn kamera troch de binnenstêd doe't ik ferskate bern seach dy't oan it boartsjen wienen by it Saailân. Dêr ha ik ferskate foto's fan makke en dêr is dizze foto ien fan. De foto fan it famke rekke my fuortendaliks.''
Ferkuolling
Wylst it liket oft it famke fertrietlik wie, socht se yn werklikheid ferkuolling by de fontein. ''Je kinne de foto op ferskate wizen besjen'', sa seit Yvonne Jurgens. ''It wie in spontaan momint. Faaks meitsje je hûnderten foto's sûnder dat der in echte bysûndere by sit. Mar mei dizze wie it raak.''
De fotografe is no op syk nei de âlders fan it famke. Har oprop op Facebook is yntusken hast tûzen kear dield.