Politike krisis Achtkarspelen noch lang net foarby
Der is in nij kolleezje yn de gemeente Achtkarspelen, mar de politike krisis is noch lang net oer. De opposysjepartijen FNP en Gemeentebelangen sizze der 'keihurd' yn te gean by diskusjes yn de ried, te begjinnen tongersdei by de behanneling fan de begrutting.
Oant de ferkiezings yn 2018 sil it behelpen bliuwe yn Achtkarspelen, sa tinke FNP en Gemeentebelangen. Tusken har en kolleezjepartij PvdA sit in soad 'âldsear'. FNP en Gemeentebelangen ferwite de PvdA dat it fan 't simmer 'in kûp' dien hat.
De skiednis
De trije partijen sieten oant dizze simmer mei-inoar yn it kolleezje. Marten van der Veen (FNP) en Max de Haan (Gemeentebelangen) moasten mei Gerda Postma (PvdA) opstappe as wethâlder nei gedoch oer it oerheveljen fan jild út it 'sosjale domein'. Uteinlik kaam Postma werom yn in nij kolleezje dat de PvdA mei CDA en ChristenUnie foarmet. "Dat der net allinne yn bananerepubliken en Turkije kûpen dien wurde, mar ek yn Achtkarspelen, dêr rekkenje jo net op", seit Marten van der Veen fan de FNP. Ferslachjouwer Andries Bakker gie op ûndersyk út yn de ried fan Achtkarspelen en makke de folgjende reportaazje.