KNRM Skier helpt syljacht
De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat sneon in syljacht op sleeptou nimme moatten, dat problemen mei it roer hie. It jachtsje mei trije bemanningsleden die mei oan in sylwedstryd. It is troch de rêdingsboat nei Lauwerseach sleept.
Dêr waard letter op 'e dei ek in surfer ôfset, neidat dy fan in sânplaat helle wie. De rêdingsboat gie nei him op syk neidat er as fermist opjûn wie.