FNP moat op syk nei nije foarsitter: Hosper hâldt der mei op

FNP-foarsitter Ultsje Hosper út Oerterp stelt him yn 2017 net besikber foar in twadde termyn fan fjouwer jier as foarsitter. Hosper wurdt takom jier 70 en fynt it dan heech tiid wurden om famylje en freonen foarop te setten. Ynterne kwestjes oer de rol fan it Frysk spylje gjin rol, seit er mei klam. Hosper seit him al soargen te meitsjen oer de takomst fan de FNP. Neffens him stelle hieltyd minder minsken har beskikber foar de gemeentlike en regionale polityk.
Hy hopet dat de FNP him yn de takomst fierder fernijt en ferbredet, sadat de partij yn de takomst mear te sizzen krijt.