Gjin ferwûnen by brân yn sintrum De Gordyk
By in brân yn it sintrum fan De Gordyk binne moandeitejûn gjin minsken ferwûne rekke. De brân bruts út op in bewenne souderferdjipping boppe in kleanwinkel oan de Haadstrjitte. Omdat it om in tichtbewenne gebiet gie, skaalde de brânwacht op nei tige grutte brân. Meardere korpsen waarden oproppen en der kamen in protte sjoggers op de brân ôf.
Al frij gau wie de brân ûnder kontrôle. It markante, âlde gebou mei klokgevel hat wol grutte skea oprûn. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.