Jan Posthuma en Olof van der Meulen traine froulju VC Snits

Jan Posthuma (midden) en Olof van der Meulen (rjochts) yn harren tiid mei it nasjonaal follybalteam © ANP
Ald-olympysk follybalkampioenen Jan Posthuma en Olof van der Meulen binne opnaam yn de stêf fan VC Snits. Dat meldt De Volleybalkrant. Beiden traine se de froulju fan it earste team. Se helpe mei oan it bouwen fan in nij team, neidat fan 't simmer seis spylsters fuortgiene by de klup.
Posthuma en Van der Meulen spilen yn de jierren tachtich foar Animo, ien fan de beide klups dêr't VC Snits út ûntstien is. Yn 1996 waarden se olympysk kampioen mei it manljusteam by de Spelen fan Atlanta.
International Quinta Steenbergen traint op it stuit mei by VC Snits. Se sit op 't heden sûnder klup. Se traint mei by Snits omdat har eardere trainster Petra Groenland dêr no haadcoach is.