Heit flaggejonkje: "Dit ferjit ús Tieme noait wer"
"Us Tieme is in beskieden jonkje, mar dit ferjit er noait wer. Wy hiene net ferwachte dat dit derachter wei komme soe." Heit Piebe van der Hoek is wiis mei hoe't Hearrenfeanspiler Kobayashi mei supporters omgiet. De Japanner socht it jonkje dat ôfrûne wykein by de wedstriid fan Hearrenfean mei in Japanske flagge swaaide.
Underwilens hat der al kontakt west tusken de spiler en Tieme syn famylje. Tieme kriget op 19 novimber by de wedstriid tsjin Vitesse persoanlik de fuotbalskuon fan Kobayashi oerhandige.
De SC Hearrenfean-middenfjilder wie sa entûsjast doe't er op in foto op Instagram seach dat in jonkje achter ien fan de doelen mei in Japanske flagge swaaide. Mar hy wist net wa't it wie. Hy die in oprop en krige in soad reaksjes op Facebook, wêrûnder ek fan de mem fan de jonge supporter. It jonkje hjit Tieme van der Hoek en hy wie mei syn heit Piebe by de wedstriid.