Hoefsmit fan Nij Smellinghe uteret krityk op De Friesland

Soarchfersekerder De Friesland hâldt tefolle de hân op de knip as it om it budzjet fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten giet. Dat seit foarsitter Norbert Hoefsmit fan de ried fan bestjoer fan it sikehûs.
Hoefsmit seit dit nei de gedieltelike pasjintestop dy't fan hjoed ôf by Nij Smellinghe ynfierd is. Der is dit jier mei 10 miljoen euro oer it budzjet hinne gien. Dat betsjut dat der gjin nije ôfspraken mear makke wurde mei pasjinten as de situaasje net akút is.
Fallisemint Sionsberg
Neffens Hoefsmit hat it fallisemint fan de Sionsberg en de perikels om dat sikehûs hinne in soad jild koste foar Nij Smellinghe en komme der in soad pasjinten út dy soarchhoeke wei noch altyd nei Drachten ta. Dat jildt ek foar pasjinten út Grinslân.
Doe't De Sionsberg fallyt ferklearre waard, hat soarchfersekerder De Friesland de 25 miljoen euro dy't foar dy soarch bestimd wie net wer ferdield oer it MCL en Nij Smellinghe. Dat hie wol moatten neffens Hoefsmit. Se hawwe dêrmei net oan de merkwurking yn de sikehûssoarch foldien neffens de foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Nij Smellinghe.
Gefaresône
Ferline jier gie it Drachtster sikehûs ek al mei 4 miljoen euro oer it budzjet hinne, mar dat wie noch te ferantwurdzjen. Tsien miljoen is mear problematysk, mar dêrmei sit it sikehûs noch net yn de gefaresône. Om dêr ek net te kommen, sille de soarchfersekerders mei jild komme moatte. De Friesland foarop omdat dy 70 prosint fan de soarch yn Nij Smellinghe bekostigje.
It systeem yn de soarch is stadich. Neffens Hoefsmit koene se by Nij Smellinghe net earder sjen dat der safier oer it budzjet hinne gien wurde soe. Ein july ha se oankloppe by De Friesland en oanjûn dat it de ferkearde kant útgie mei de kosten. Dêrnei hat der oerlis west, mar is der noch neat dien om de tekoarten yn te rinnen. Neffens Hoefsmit omdat se fan de soarchfersekerder(s) ferwachten dat se mei oplossingen komme soene.
"Stevich" ûnderhannelje
De pasjintestop betsjut dat pasjinten dy't soarch nedich hawwe nei in oar sikehûs kinne of wachtsje moatte oant 1 jannewaris. Foar 2017 wol Nij Smellinghe in heger budzjet hawwe. Dêroer wurdt "stevich" ûnderhannele. It sikehûs ferwachtet dat it budzjet op in hichte komt fan wat se dit jier oan soarch leverje moatte hiene.