Taakstraf foar toanen saakje oan fammen

© Omrop Fryslân
In man (48) út It Hearrenfean hat hûndert oeren taakstraf krigen, omdat er yn it iepenbier syn spultsje sjen litten hie. Hy kriget ek noch in moanne selstraf ûnder betingst. De man ried ferline jier troch de wyk De Greiden op It Hearrenfean. Achter it stjoer frege er oan fjouwer fammen, tusken de tsien en tweintich jier, de wei. Doe't de fammen yn 'e auto seagen, seagen se syn bleate ûnderkant.
Der wie in hegere straf tsjin him easke. Mar de rjochter gie der net yn mei, omdat de man út himsels help socht hat.