SP-swartboek foar Connexxion

Leden fan de SP-steatefraksje hawwe freedtemiddei in swartboek oanbean oan ferfiersbedriuw Connexxion yn Snits. Yn it swartboek steane tsientallen klachten fan reizgers út de Súdwesthoeke oer de OV-chipknip en it feit dat de loketten op it Snitser trein- en busstasjon net mear beminske binne.
De klachten binne de ôfrûne wiken sammele en waarden oarlange oan in meiwurker fan Connexion. Connexxion nimt de klachten serieus en sil der mei oan de slach.