'Bas Dost nei Vfl Wolfsburg'

© awfoto.nl
Neffens de Dútske boulevardkrante Bild Zeitung hat SC Hearrenfean oanfaller Bas Dost in fjouwer jierrig kontrakt tekene by Vfl Wolfsburg. De ynteresse fan de Dútske klup is al langer bekend. Heal april hat Dost mei syn saakwaarnimmer op besite west by Wolfsburgtrainer Felix Magath. Neffens de krante is der in bedrach fan 6,5 miljoen euro betelle.
Yn in reaksje lit saakwaarnimmer Henk Nienhuis witte dat de ûnderhannelings geande binne, mar dat de transfer fan de topskoarder fan Nederlân nei Wolfsburg noch lang net rûn is.