Boaiemdelgong Waadsee troch gaswinning bliuwt binnen grinzen

De boaiemdelgong ûnder de Waadsee as gefolch fan de gaswinning bliuwt binnen de grinzen dy't dêrfoar tastien binne. Dat stelt de Commissie voor de Milieueffectrapportage. Dizze ûnôfhinklike kommisje kontrolearret alle jierren de monitoaring sa't de NAM dy útfiert.
Sûnt 2007 wint de NAM gas yn de Waadsee neffens it prinsipe fan "hand aan de kraan". Mocht der sprake wêze fan tefolle boaiemdelgong dan moat de gaswinning stopset wurde, mar dat is op it stuit dus net oan de oarder.
Opfallend is neffens de kommisje wol in ferleging yn it gebiet Pinkegat, tusken It Amelân en de Fryske kust. It soe komme kinne troch ferkearde mjittingen, sa seit in wurdfierder.