SC Cambuur fynt beker belangryk

SC Cambuur spilet tiisdei foar de beker tsjin TEC út Tiel. Dy ploech komt út yn de twadde difyzje en stiet dêr yn de ûnderein. Trainer Sipke Hulshoff nimt de bekerwedstriid hiel serieus. Boppedat is der fan ûnderskatting fan de tsjinstanner gjin sprake, sa sei hy.
TEC is goed besjoen en Hulshoff wit wêr't de sterke en swakke kanten fan de tsjinstanner lizze. Utsein Steenvoorden, dy't blessearre is, spilet Cambuur mei deselde basis as yn de wedstriid tsjin FC Oss. Peersman is de ferfanger fan Steenvoorden. Harm Zeinstra stiet wer op de goal.
Keeper Leonard Nienhuis hat siik west en boppedat hat Zeinstra neffens trainer Hulshoff yn de wedstriid tsjin FC Oss goed keept. Sander van de Streek, dy't trije kear skoarde tsjin FC Oss, stiet wer yn de spits.
Opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Blackson, N 'Toko, Van Deelen; Monteiro, Bakker, Kip; Houtkoop, Van de Streek, Hoefdraad.