Plysje Ljouwert siket tsjûgen fan ynbraak en autostellerij

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn in boukeet en in autostellerij, it ôfrûne wykein yn Ljouwert. Op it parkearterrein by de itensbank oan de Tylkedam waard in boukeet iepenbrutsen en der binne meardere akku's en in radio stellen. De plysje freget tsjûgen om har te melden. Dat jildt ek foar de stellerij fan in reade Citroën Berlingo. De bestelauto mei kenteken 86-VT-PS waard sneontejûn stellen op it Saailân yn Ljouwert.