UPDATE: Bussjauffeur botst op beam en rekket ferwûne

In stedsbus botste op in beam op de Wollegaast yn Ljouwert © AS Media
In 54-jierrige bussjauffeur is moandeitemoarn betiid ferwûne rekke doe't er mei syn stedsbus tsjin in beam botste op de Wollegaast yn Ljouwert. De sjauffeur waard ûnder it riden net goed en ried mei lege snelheid op in beam yn. Hy is troch ambulânsepersoniel ûndersocht en dêrnei mei ûnbekend letsel nei it MCL yn Ljouwert brocht.
De twa passazjiers yn de bus kamen mei de skrik frij. Sy koene mei ferfangend ferfier harren reis ferfolgje.