Boete foar hierders jacht om lûdsoerlêst
De plysje yn Grou hat sneintejûn de 39-jierrige hierder fan in jacht in boete jûn om't de man en syn opfarrenden te folle lûd makken. It skip mei de manlju lei oan de Suderkade yn it doarp. De groep wie al warskôge, mar bleau oerlêst feroarsaken. De plysje hat de ferhierder fan it jacht ek op 'e hichte steld.