Aris ûnderút yn Grins

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe de fjirde wedstriid yn de earedifyzje tsjin Donar yn Grins snein mei 73-56 ferlern. Nei it earste kwart wie de stân al 23-15. Yn it twadde kwart stride de Ljouwerters, mar kinne se net foarkomme dat de efterstân hieltyd grutter wurdt. En dat se mei in tuskenstân fan 47-28 de rêst yn moatte. De Ljouwerters spylje dêrnei nei in stân fan 62-41 yn it tredde kwart en 73-56 yn it fjirde kwart. De Ljouwerters hawwe no ien wedstriid fan de fjouwer wûn. Se moasten wol fuortendaliks tsjin de top trije.
Takom wike stiet de útwedstriid tsjin Rotterdam op it programma.