SC Hearrenfean swingt en klimt wer nei it tredde plak

Sportklup Hearrenfean hat sneintemiddei de thúswedstriid tsjin Heracles Almelo wûn mei 3-1. Heracles begûn goed oan de wedstriid tsjin Hearrenfean en krige inkele goeie kânsen op in earste goal. Hearrenfean is lykwols de earste dy't skoart, wêrnei't Heracles gau gelyk makket. Yn de twadde helte pakke de Friezen it wer op en mei twa moaie goals fan Larsson en St. Juste wurde de trije punten binnenhelle.
Hearrenfean op dreef
De earste grutte kâns foar Hearrenfean komt yn de 14e minút foar Zeneli, dy't de bal yn in sliding krekt njonken de goal skoot. Mar net lang dêrnei, yn de 19e minút, wol de bal der wol yn en komt Hearrenfean op foarsprong, troch in goal fan Stefano Marzo. Hy sjit de bal nei in hakje fan Reza Ghoochannejhad moai yn de linker boppehoeke.
Hearrenfean kin lykwols net lang fan de foarsprong genietsje. Yn de 39ste minút komt Heracles werom op in 1-1, troch in goal fan Brandley Kuwas. In strakke bal fan de oanfaller yn de koarte hoeke is tefolle foar Mulder om te kearen.
Opnij foarsprong
Nei de rêst set Hearrenfean goed útein, en Zeneli krijt yn de 48ste minút sels in grutte kâns, mar Castro de keeper fan Heracles kin it skot blokkearre. Letter wol it publyk yn it Abe Lenstra Stadion noch in strafskop nei in mooglike hands fan Heracles yn it 16-metergebiet. Mar skiedsrjochter Blom is it net mei de Friezen iens, en lit fierder spylje.
Hearrenfean hoecht dêrnei net lang op in doelpunt te wachtsjen, yn de 65ste minút is it wer raak, nei goed foarwurk fan Reza dy't de bal mei syn lichem beskermet tsjin de ferdediging fan Heracles. Hy spilet de bal dêrnei nei Sam Larsson, dy't de bal hurd mei in kurve it doel ynjaget. Fier bûten berik fan keeper Castro.
Solo St. Juste
Mar Larsson is dizze middei net de iennige dy't in moaie glêshurde goal skoare kin. Yn de 77ste minút set ferdediger Jeremiah St. Juste it op in draven. De ferdediger pakt de bal op syn eigen helte op, en draaft dêrnei hast it folsleine fjild oer oant en mei it 16-metergebiet fan Heracles wêrnei't er it sels ôfmakket en de 3-1 skoart.
Troch de winst pakt Hearrenfean op doelsaldo opnij it tredde plak ôf fan PSV, dy't sneon mei wat mazzel noch krekt mei 1-0 wûn fan Sparta Rotterdam. Takom wike moat Hearrenfean út tsjin Feyenoord dat op it stuit op it earste plak stiet yn de earedifyzje. No tongersdei moat de ploech fan Streppel lykwols earst noch nei Eindhoven foar de útwedstriid tsjin FC Eindhoven yn de striid om de KNVB beker.