Oranje wint rom fan Dútslân op EK kuorbal

Marjolijn Kroon, Erwin Zwart en Friso Boode © KNKV, Ruud Binnekamp
De Nederlânske kuorballers hawwe snein ek harren twadde wedstriid op it EK kuorbal yn Dordrecht wûn. Oranje wie mei 26-15 te sterk foar Dútslân. It Nederlânske team, mei dêryn Erwin Zwart, Friso Boode en Marjolijn Kroon fan kuorbalklup LDODK fan De Gordyk en Terwispel, skeaten fuortendaliks út de startblokken. Mei goals fan Pikaar en Hansen stie it yn koarte tiid al 2-0. Dit sette it team eins de folsleine wedstriid troch.
De Dútsers kamen yn de earste 10 minuten noch werom oant in tuskenstân fan 5-3, wêrby't alle Dútske goals fan de stip ôf kaam wiene. Mar by it skoft wie de Nederlânske foarsprong oprûn nei 11-5.
Nei it skoft gie Oranje gewoan fierder dêr't se bleaun wiene. Yn in moai tempo slagge Oranje deryn om de úteinlike skoare fan 26-15 op it skoareboerd te krijen. Moandei hawwe de kuorballers in rêstdei. Tiisdeitejûn moatte se wer oan de bak mei in wedstriid tsjin Turkije.