Trio oanhâlden foar mishanneling en ôfparsen

Pinautomaat © Omrop Fryslân
Trije Ljouwerters binne sneontenacht oppakt foar mishanneling en ôfparsen. It trio mishannele in 50-jierrige ynwenner fan Menaam en twong it slachtoffer om jild te pinnen.
De mishanneling fûn plak yn it hûs fan it slachtoffer. Dy wist lykwols de plysje te alarmearjen sûnder dat de fertochten dit trochhiene. It slachtoffer moast fan de dieders jild pinne yn Harns. Doe't it slachtoffer en de fertochten nei Harns rieden om it jild te pinnen, waarden se opwachte troch de warskôge plysje.
De trije manlju binne oanhâlden en de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de mishanneling en it ôfparsen. De Menamer is nei it sikehûs brocht foar ûndersyk.