Ljouwerter op 'e died betrape by ynbraak

Oanhâlding © ANP
Yn in gebou oan de Boterhoek yn Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in ynbrekker oanhâlden. Der is de lêste tiid al in pear kear ynbrutsen yn de buert, dus de plysje wie al ekstra alert. Doe't de melding kaam wiene de plysjeminsken dan ek gau oanwêzich.
Yn it gebou waard in man sjoen troch in befeiliger. Doe waard alles ôfsetten en is de plysje mei in hûn nei binnen gongen. Dêr is de fertochte, in man fan 45 jier út Ljouwert, oanhâlden.
Der wurdt ûndersocht oft dizze man ek belutsen west hat by de oare ynbraken yn de buert.