Arrestaasjes nei stellerij yn Ljouwerter bordeel

De Weaze yn Ljouwert
In groep fan fjouwer manlju út It Bilt is sneontenacht oppakt foar it stellen fan jild út in bordeel yn Ljouwert. It giet om manlju fan 18, 23, 24 en 31 jier. Se wiene yn in bordeel op de Weaze de beheardersromte yn gien, pikten jild dat dêr lei en naaiden gau út.
De died waard op befeiligingskamera's fêstlein. Nei't it sinjalemint fan de fjouwer fertochten ferspraat wie ûnder de Ljouwerter plysje, koene de manlju yn de rin fan de nacht oppakt wurde yn de stêd. Se binne meinaam nei it plysjeburo en de plysje hat de saak yn ûndersyk.