Spikerpakkeband wint earste difyzje Brassbandkampioenskip
De Spikerpakkeband út Opsterlân is sneon kampioen wurden yn de earste difyzje by de Nederlânske Brassbandkampioenskippen yn Utrecht. De band ûnder lieding fan Erik Janssen helle 94 punten, fergelykber mei in rapportsifer fan 9,4. De seksjepriis wie foar de altseksje fan de Spikerpakkeband.
De bêste Fryske prestaasje yn de twadde difyzje wie dy fan Gloria Dei út Gerkeskleaster-Strobos, dy't de seksjepriis wûn foar de basseksje.
Kampioensdifyzje
Yn de kampioensdifyzje wie dit jier gjin earste plak foar in Fryske brassband. De Bazuin út Oentsjerk waard dêr twadde, achter Brassband Schoonhoven. Tredde waard De Wâldsang fan Bûtenpost.