Bedriging mei mes yn Ljouwert

Plysje © ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon in 33-jierrige Ljouwerter oanholden nei't dy in man mei in mes bedrige hie. It slachtoffer helle de plysje derby en dy koe de fertochte op it Hoeksterpaad oanhâlde. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.
Op in oar plak yn de stêd, yn in hoarekagelegenhyd oan it Ruterskertier waard in 23-jierrige frou net goed, om't se ûnder ynfloed fan drugs wie. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje hat dêrneist ek noch in 16-jierrich famke nei hûs brocht. Om't sy yn de Doelesteech net goed waard, om't se tefolle drank op hie.