Ferkeap gouden blomkoalen rint goed

De Streekboer yn Ljouwert is oant no ta tige te sprekken oer de belangstelling foar de giele blomkoalen. Foar 60.000 blomkoalen drige ferneatiging, om't se troch de sinne te giel wurden wiene. De supermerken woene se dêrom net hawwe. Foar De Streekboer reden om in rêdingsaksje op tou te setten. Minsken kinne de blomkoalen sneon oant twa oere middeis by de Blokhúspoarte yn Ljouwert keapje en krije der fergees resepten fan koks by.
Fierder is der in gearwurking opset mei 'Kleinste Soepfabriek' yn De Like. Dêr wurdt in resept ûntwikkele foar blomkoalsop. Ek hawwe hoarekapartijen harren al melden om ek wat te dwaan mei de giele blomkoalen. Organisator Janco Heida is tige te sprekken oer de belangstelling. "Dit is seker in slagge aksje."