Lankhorst Taselaar ferhuzet nei It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Gruthannel yn wettersportartikelen Lankhorst Taselaar ferhuzet har haadkantoar fan Lelystêd nei it bedriuweterrein IBF op It Hearrenfean. Ek de fêstiging fan Lankhorst yn Snits en it yn 2014 oernommen Bestolux yn Meppel ferhuzje nei It Hearrenfean. It ferkeapkantoar yn it Dútske Rheine bliuwt bûten de plannen. Lankhorst lit in grut nij bedriuwsgebou bouwe, dat yn 2018 iepene wurdt. De reden om foar It Hearrenfean te kiezen is neffens it bedriuw de sintrale lizzing oan de sneldiken en it waarme wolkom troch de gemeente.