UNIS Flyers pakt romme oerwinning op Silverdome Panters

De iishockeyers fan de UNIS Flyers diene freed goede saken mei de romme 8-0 oerwinning yn de bekerwedstriid tsjin Silverdome Panters. Yn Zoetermeer sette Ronald Wurm de Feansters yn de earste perioade mei twa treffers op in 2-0 foarsprong. Doelpunten fan Marco Postma, dyselde Wurm en Lars den Edel soargen foar in komfortabele 6-0 stân oan de ein fan de twadde perioade.
Kevin Nijland en Mark Hoekstra tekenen yn de tredde perioade foar de einstân.
UPDATE Snein 23 Oktober:
Mei 17 punten út seis wedstriden steane de manlju fan Mike Nason boppeoan. In plak by de earste twa, mei noch twa wedstriden te gean, is no wis. ,,We zijn zeker van de halve finale en dat wilden we natuurlijk halen. Maar ik wil ons goede spel ook de komende weken zien. Dan pakken we de eerste plaats in de poule ook’’, sa seit Nason.