Cambuur wint thús mei 4-2 fan FC Oss

SC Cambuur pakte freed de fjirde oerwinning fan it seizoen troch mei 4-2 te winnen fan de nûmer ien-nei-lêst FC Oss. Yn it eigen Cambuurstadion soarge Sander van de Streek yn de 6e minút foar de iepeningstreffer. Lang koe der net feest fierd wurde, want yn de 23e minút sette FC Oss de lykmakker op it boerd en naam rap dêrnei de lieding oer. Van de Streek soarge foar de 2-2.
Nei rêst brocht Erik Bakker de ploech fan ynterim-trainers Sipke Hulshoff en Arne Slot op 'e nij oan de lieding. Van de Streek makke dien wurk mei syn tredde treffer.