FC Oss yn de file: wedstriid Cambuur begjint kertier letter

© Omrop Fryslân
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Oss fan freedtejûn begjint in kertier letter, om 20:15 oere. De spilersbus fan de Ossenaren stiet yn de file. De wedstriid soe begjinne moatte om 20.00 oere.
Keeper Leonard Nienhuis stiet freedtejûn net ûnder de latte by Cambuur. Nienhuis is siik. Hy wurdt ferfongen troch Harm Zeinstra. Besjoch hjir de folsleine opstelling fan Cambuur.