Fryske musea fermeitsje bern yn de hjerstfakânsje

Yn de hjerstfakânsje binne der wer tal fan aktiviteiten foar bern yn de Fryske musea. Yn de saneamde 'KidsWeek' kinne bern fan 4 jier ôf by de musea telâne mei heiten, memmen, pakes, beppes en wa't ek mar mei wol. Op De Harkema wie it smoardrok by temapark De Spitkeet, dêr't yn de saneamde 'Ferdivedaasjewike' fan alles te rêden wie.
By museum It Damshûs yn Nij Beets hiene se spesjaal foar de bernewike in bou- en timmerworkshop ûnder lieding fan keunster Walter van Broekhuizen. Hy sil in grut keunstwurk yn natoergebiet De Deelen meitsje.