Jillert Anema: "Ik hoopje op in clash"

"De KNSB is in disfunksjonearjende organisaasje. Dy minsken moatte fuort." Dat sei reedrydcoach Jillert Anema as reaksje op it plan fan reedridersbûn KNSB om de preemjes foar reedriders te ferleegjen yn it programma Fryslân Hjoed. Anema hopet dat der in clash komt tusken de reedriders en it bûn.
Op de fraach oft it begjin fan it seizoen oer in wike yn gefaar komt, seit Anema: 'Ik hoopje it wol. Dan hoege we net nei de World Cups yn Sina en Japan en dat soe my poerbêst útkomme."
Ek âld-reedrider Rintje Ritsma hopet net op in kompromis. "Der is noch nea sa'n situaasje west dat de KNSB alle partijen tsjin him hat. It bûn moat wol swichte."
It reedridersbûn KNSB moat 1,7 miljoen euro besûnigje en wol ûnder oare de preemjepot foar topriders fan 1,1 miljoen ferleegje nei 760.000 euro.