Hostel yn Blokhúspoarte mei krystdagen foar it earst iepen

Finzenis de Blokhúspoarte yn Ljouwert krijt in hostel mei sa'n sechstich bêden. De sliepsealen komme yn it efterste selleblok op de twadde en de tredde ferdjipping. Der komme benammen twapersoanskeamers mei steapelbêden, mar ek grutte sliepsealen dêr't fjirtjin oant achttjin minsken sliepe kinne. It Alibi-hostel sil nei alle gedachten mei de krystdagen iepen gean. De priis foar in oernachting sil tuksen de 20 en de 40 euro wêze. It idee foar it hostel komt fan fjouwer Ljouwerter freonen, dy't sels yn in soad yn hostels sliept hawwe yn Europa.
Businessplan
Doe't de freonen der trije jier lyn efterkamen dat Ljouwert gjin hostel hat, setten se útein mei it meitsjen fan in businessplan. It ûntbruts allnnich noch oan in geskikte lokaasje. Doe't organisaasje BOEi de Blokhúspoarte kocht, makken se bekend dat se graach in hostel yn it gebou hawwe woenen. Marieke Mostert en har trije kompanjons smieten fuort harren businessplan op tafel by de organisaasje. "Wy hiene in konkreet en útwurke plan, sadwaande koenen wy fuort begjinne mei it ferbouwen en ynrjochtsjen fan it Alibi-hostel. We binne tige bliid dat ús plan nei trije jier wurklikheid wurdt."