FIDEO: Fryske boeken sutelje op de Frankfurter Buchmesse

Fryslân hat dit jier foar it earst in eigen stand op de Buchmesse yn it Dútske Frankfurt, dêr't op dit stuit de wichtichste boekebeurs fan 'e wrâld hâlden wurdt. Fryske útjouwers priizgje dêr tsien Fryske boeken oan in ynternasjonaal publyk oan. Se hoopje dêrmei kontakten te lizzen mei Nederlânske en ynternasjonale útjouwers. Dat der dit jier in Fryske stand oanwêzich is, komt troch de finansjele stipe fan de provinsje Fryslân. De fiifdaagse boekebeurs yn Frankfurt duorret noch oant en mei snein.
Soad belangstelling
Jitske Kingma fan útjouwerij Elikser fertelt dat der al in soad animo is foar de Fryske boekekream. "In soad minsken hawwe belangstelling toand. Minsken rinne del, bliuwe stean en freegje ús fan alles. Dêrneist gean wy ek sels by útjouwers del om te fertellen oer de moaie boeken dy't we hawwe."
Netwurkje
Ernst Bruinsma fan útjouwerij AFUK hopet yn Dútslân syn netwurk útwreizje te kinnen. "We hawwe in soad goeie boeken dy't we graach nei in grutter publyk hawwe wolle en dêrom binne we hjir. It is ek net myn stribjen om dizze wike mei in kontrakt nei hûs te gean, mar ik hoopje al dat ynternasjonale útjouwers nijsgjirrich wurde nei ús boeken."
Tsien Fryske Boeken
De boeken dy't ûnder de oandacht brocht wurde binne: