Ljouwerter De Koning nominearre foar 'Beste Ambtenaar'

© ANP
Maarten de Koning fan de gemeente Ljouwert makket kâns op de titel 'Beste Ambtenaar van 2016'. Hy is ien fan de hûndert nominearren. De Koning wurket by de gemeente as koördinator Talent Centrum Fryslân. Hjir wurde minsken holpen mei it finen fan in nije baan, oplieding of it opsetten fan in eigen bedriuw.
De Koning is nominearre troch syn kollega's. Sy skriuwe as motivaasje: "Maarten is de meest empathische, zachtaardige collega die je je maar kunt wensen. Hij heeft de stip op de horizon altijd zeer scherp voor de bril en weet alles zodanig te borgen dat binnen de organisatie er waar nodig altijd een zeer plezierige kanteling plaats vindt."
De ferkiezing wurdt organisearre troch Publiek Denken. Dit is in platfoarm foar minsken dy't wurkje yn de publike sektor. Stimme op de nominearren kin oant en mei 31 oktober. De winners fan de sjuery- en publykspriis wurde op 14 desimber bekend makke.