Hagenezen oppakt foar ynbrekkerij yn Ljouwert

(foarbyldfoto) © Omrop Fryslân
Trije Hagenezen binne tongersdei trappearre by in ynbraak yn de wyk Suderbuorren yn Ljouwert. It giet om twa manlju fan 19 en ien fan 18 jier. It trio hat besocht yn te brekken by in wenning oan de Moleplaat. In tsjûge seach de manlju fuortriden en joech it kenteken troch oan de plysje. Dy sette de Hagenezen op de Drachtsterwei oan de kant. Mooglik dat it trio op noch mear plakken ynbrutsen hat, want yn de auto fûnen plysjeminsken meardere laptops en tablets. Der wurdt ûndersocht wêr't dizze weikomme.