Nij Smellinghe skoot pasjinten troch nei takom jier

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten stelt in pasjintestop yn. Nije pasjinten mei klachten dy't net akút binne, wurde pas nei 1 jannewaris wer holpen. Neffens de direksje is dat nedich, omdat it sikhehûs gjin jild mear hat foar dit jier. Nij Smellinghe hat al folle mear pasjinten holpen as yn it foar ôfpraten wie mei de soarchfersekerders.
Dat betsjut dat der al 10 miljoen euro tefolle útjûn is. De besteande en plande ôfspraken gean gewoan troch. Ek nije pasjinten dy't wol akute soarch nedich hawwe, wurde noch dit jier holpen.
Neffens Nij Smellinghe binne der mear pasjinten holpen, omdat de wachtlisten yn Drachten koart binne.
Unike situaasje
Tsjin Friesch Dagblad seit Wouter van der Horst fan de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen, dat it frij unyk is dat in sikehûs al yn oktober ôf liket te gean op sa'n grut ekses en maatregels nimme moat sa as no yn Drachten. In sikehûs hat neffens him de kar om yn te tearen op it eigen fermogen of om in pasjintestop yn te stellen. De krante hat ek mei direkteur John van Arnhem praten. Dy seit dat der noch praten wurdt mei de soarchfersekerders om der foar dit jier budzjet by te krijen dat by de oare sikehuzen oerbleaun is.
Ferklearring Nij Smellinghe
Nij Smellinge hat in ferklearring op syn webside setten. De wurdfierder seit dat de ferantwurdlik bestjoerder op fakânsje is en freed net reagearje kin.
Kompensaasje
Wurdfierder Gerrie Riemersma fan De Friesland Zorgverzekeraar seit dat de finansjele problemen fan Nij Smellinghe by har bekend binne en dat der oerlein wurdt oer in oplossing om de pasjintestop fan tafel te krijen. Der soe sprake wêze fan in 'konstruktyf' oerlis. De kosten fan Nij Smellinghe wurde foar in part kompensearre troch De Friesland.