Monumint foar Drachtster Tramline

De tramline © GJ de Swart
Tolbert yn Grinslân krijt in nij monumint dat weromtinken docht oan de Drachtster Tramline. Dat meldt RTV Noord. De tram ried tusken 1913 oant 1985 fan Drachten troch in tal doarpen nei Grins. De Drachtster Tramline waard ek wol de Philipsline neamd. It spoar waard benammen brûkt foar it ferfier fan guod.
Tolbert hie earder ek al in monumint foar de tramline, mar dat waard fernield.