Seefeartskoalle Skylge hat minste tal útfallende earstejiers

De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat © Google Streetview
It tal earstejiers studinten dat ferline jier ophâlden is mei de stúdzje, wie fan alle HBO-skoallen it lytst by de Maritime Akademy op Skylge. Dat docht bliken út sifers fan it ministearje fan Underwiis. Hast 16 prosint fan de studinten hâlde dêr nei it earste jier op, of stapte oer nei in oare skoalle. Lanlik leit it trochsneedsifer op hast 28 prosint. It tal útfallers op de HBO's yn Ljouwert leit dêr ek noch ûnder.
Lanlik sjoen hâlde yn Zwolle de measte earstejiers studinten op mei de oplieding.