FIDEO: Wat hawwe Fryske boeren yn Roemenië te sykjen?

Fryske boeren hawwe mei-inoar 4000 bunder oan lân yn Roemenië oankocht. Sûnt 2008 binne Frisian Investors dwaande mei it opkeapjen fan bougrûn yn it eardere Eastbloklân. Se wurkje gear mei Roemenen, ynnovearje en buorkje foarút. Wat driuwt de boeren, wat komme se tsjin oan tûkelteammen en wa profitearret der no it measte fan? De Roemenen of de Friezen? Simone Scheffer wie yn Roemenië en gie op 'en paad mei ien fan de mannen fan de earste oere, Frans Schreiber.
Snein yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio in reportaazje oer buorkjen yn Roemenië.