Akke Marije eefkes werom by heit en mem yn Boarnwert
Akke Marije Marinus fan Boarnwert makket drokke tiden troch mei it telefyzjeprogramma Holland's Next Top Model (HNTM). De Friezinne sit mei noch trije oaren yn de finale dy't tiisdei plakfine sil.
Nei de heale finale fan ôfrûne tiisdei is se no pas wer eefkes thús by heit en mem yn Boarnwert. Tusken de tariedings troch sit se ek noch mei de noas yn de boeken, want nije wike hat se har earste tentamen.
Catwalk-training
Foar de modellen-yn-spee is it net inkeld it telefyzjeprogramma dêr't se drok mei dwaande binne. Se moatte tuskentroch ek fotoshoots en catwalk-training dwaan. Fierders is it net allinnich gewoan rinne mei moaie klean oan en strak yn de make-up. By it rinnen moatte se nammentlik bewege op muzyk en dat moat oefene wurde.
Dreech te sizzen
Akke Marije sit snein mei de oare finalisten by Carlo's TV Café en moandei hawwe se de generale repetysje foar it programma fan tiisdei. Wat har kânsen oanbelanget is de Friezinne ûnwis: "Dreech te sizzen. De minsken stimme oant no ta altyd wol op my, mar it is fansels altyd ôfwachtsjen hoe't it giet", sei se.