Italiaanse jout Rimen & Teltsjes (1887) en beurske as kado

In swart sydsulverbeurske en in eksimplaar fan it boek Rimen & Teltsjes út 1887 fan de bruorren Halbertsma út Grou. Dat krige Gerbrich de Jong út Ljouwert dizze wike fan ien fan har kursisten út Italië, dy't de online kursus Frysk folge hat. De Jong krige koartlyn in mail fan de frou dat se in Frysk boek thús lizzen hie, dat se graach oan ien jaan woe dy't de taal ek machtich is. De earste druk ferskynde yn 1871.
Boalsert
"Hiel bysûnder. We hawwe tegearre in bakje kofje dronken yn Ljouwert en doe joech se my it boek en it beurske. Dizze frou wennet no yn Italië, en earder wenne se ek yn Ruslân en Amearika, mar sy en har âlden kamen oarspronklik út Boalsert. Se wist net krekt fan wa't it sydsulverbeurske west hat. Se tocht fan har oerbeppe."
Rimen & Teltsjes
It boek Rimen & Teltsjes is in klassiker, in ferneamd Frysk boek dat eartiids yn alle boekekasten fan Fryske húshâldings stie. Yn it boek stiet in ferskaat oan Fryske folksferhaaltsjes, opskreaun troch de bruorren Eeltsje, Joost Hiddes en Tjalling Hiddes Halbertsma. De Halbertsma's hawwe har bot ynset foar it behâld en de oerdracht fan de Fryske taal. Nei Gysbert Japicx makken de Halbertsma's it Frysk as skriuwtaal wer populêr by de Friezen.
Kostber
"Ik wit earlik sein net hoe kostber at it boek is. Ik haw my der ek noch net yn ferdjippe. Ik fûn it foaral in hiel moai gebaar, dat se ek woe dat it boek yn goeie hannen kaam. Ik haw har tasein dat ik der hiel goed op passe sil. Wat ik der krekt mei dwaan sil, wit ik noch net, mar ik tink dat ik it goed brûke kin foar myn literatuerlessen Frysk. Dat is dan dochs moai om sa'n âld boek sjen te litten."