Offisjele presintaasje Team JustLease mei De Jong en Wüst

Reedrydteam Team JustLease.nl hat him tongersdei yn Thialf op It Hearrenfean offisjeel presintearre. Boechbylden binne reedrydsters Ireen Wüst en Antoinette de Jong. Foar de reedrydsters wie de presintaasje yn Thialf in moaie kâns om te sjen hoe't de iishal der nei de grutte ferbouwing by leit.
De Jong fertelt dat se in goeie simmer draaid hat. "Ik fiel my fit en skerp. Ik bin hiel benijd wat dit seizoen my bringe sil. Ik sjoch der nei út om it Ireen Wûst muoilik te meitsjen", laket se.
Op sawol technysk as fysyk mêd hopet De Jong har noch fierder te ûntwikkeljen. "Ik haw dan miskien in goeie simmer draaid, mar no moat ik it op it iis ek bewize. De Nederlânske kampioenskippen binne moai. Ik hoopje dy wedstriden wer te riden. It EK wurdt ek yn Thialf riden, dus hooplik stean ik der dan ek. We moatte der mar in moai feestje fan meitsje yn Thialf dit seizoen."