Guon banken jouwe gjin lienings mear oan melkfeebedriuwen

Melke © ANP
Rabobank en ABN Amro jouwe gjin lienings mear foar it útwreidzjen fan melkfeebedriuwen. Dat stelt Boerderij.nl. Ek it oernimmen fan melkfeebedriuwen soe problematysk wêze. De banken wolle dat der mear dúdlikens komt oer it ynfieren fan fosfaatrjochten. Ferline wike waard besletten dat it ynfieren fan dy rjochten útsteld wurdt oant 2018. Foar in soad boeren brekke hjirtroch ûnwisse tiden oan.
Earder dizze wike makke de Rabobank noch bekend dat se in spesjale advysried yn it libben ropt foar boerebedriuwen.