Nij trainersduo Cambuur grypt yn

It nije trainersduo fan Cambuur, Sipke Hulshoff en Arne Slot, grypt yn yn de opstelling fan de Ljouwerters foar de wedstriid fan freed, thús tsjin FC Oss. De beide backs, Peersman en Anderson binne út de basis setten. Sy wurde ferfongen troch Blackson en Van Deelen. "Fêster oan de bal en dêrtroch meitsje sy it komfortabeler foar de sintrumferdigeners", seit Sipke Hulshoff. Oanfallend binne der wol problemen. Martijn Barto is siik. Hy hat de gryp. Hemmen, Gyasi en Gouriye binne noch altyd blessearre. Sander Van de Streek spilet dêrom as spits.
Cambuur giet fol foar de oerwinning, sei Hulshoff. It bêste medisyn om de fuotten sportyf wer ûnder it gat te krijen.
De opstelling fan Cambuur is: Nienhuis, Blackson, N'Toko, Steenvoorden, Van Deelen, Monteiro, Bakker, Kip, Hoefdraad, Van de Streek en Houtkoop.