"Iepen sportferiening is oplossing foar takomst sportklup"

Fryske sportferienings fine it hieltyd dreger om oan nije leden te kommen. Ien op de trije ferienings sjocht dit sels as in bedriging foar de takomst. It giet dan benammen om de lytsere ferienings. Dat docht bliken út de earste Sportferieningsmonitor, útfierd troch it Frysk Sosjaal Planburo, it Mullier Instituut en Sport Fryslân.
In iepen feriening wurdt sjoen as in mooglike oplossing. It idee is om mear doelgroepen yn hûs te heljen, sadat de feriening mear midden yn de mienskip stiet.
Iepen feriening
Lammert Bosma fan Sport Fryslân fynt dat ferienings der goed oan dogge om in iepen klup te wurden, want fierder achterút buorkje is fansels net sa oantreklik. "Wij denken dat een sportvereniging er goed aan doet zich open te stellen voor andere doelgroepen. Dat je bijvoorbeeld meer de wijk ingaat. Stel dat een wandelgroep in de wijk al actief is, dan kun je hen uitnodigingen om gebruik te maken van de sportkantinte van de vereniging."
Takomst
Neffens it ûndersyk hat 64 prosint fan de klups foldwaande organisaasjekrêft. De gemiddelde leeftiid fan in bestjoerslid is 48 jier en 40 prosint fan dy bestjoersleden is frou. Mei de útkomsten fan dit ûndersyk ferwachtet Sport Fryslân de klups yn de takomst better stypje te kinnen. Dat dogge se yn gearwurking mei gemeenten, buertsportcoaches en sportbûnen.
Iepen Klup by ONT De Pein
Ien fan de ferienings dêr't it, tsjin de ferwachting yn, hiel goed giet, is fuotbalferiening ONT yn De Pein. Sy wurkje fanút de gedachte fan de 'open club'. Dat betsjut dat se in maatskiplike rol spylje wolle, en de akkommodaasje ek iepenstelle foar oaren. "Sportferienings lykas ringroepen dy't gjin eigen akkommodaasje hawwe, meie ús kantine fergees brûke foar fergaderingen," leit foarsitter Jeen Visser út. "De bûtenskoalse opfang hat plak yn ús akkommodaasje, de skoallen brûke ús fjilden, en op sneins wurdt der net spile, mar binne de hekken iepen en komme hjir altyd bern te boartsjen."
Boppedat hat de kantine in fairtrade-sertifikaat en is ONT dwaande de akkommodaasje folslein enerzjy-neutraal te meitsjen. "Omdat wy ditsoart dingen belangryk fine komme der no ek mear frijwilligers by de klup, om't se har hjir thúsfiele. Wy groeie gigantysk, we hawwe no 530 leden en mear as 240 frijwilligers."  Visser tinkt dat de Open Club dêrom ek foar klups dy't it dreech hawwe, in útkomst wêze sil.
Mear oer de Open Club tongersdei yn Fryslân Hjoed.