Daamwanden fan akwadukt Drachtsterwei wurde grûn yn trille
De daamwanden foar it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert moatte diels dochs de grûn yn trille wurde. De wanden wurde fan kommende moandei ôf pleatst. It grutste part kin dat mei in metoade dêr't de omjouwing gjin lêst fan hat. Mar yn ferbân mei de swiere grûnlaach moatte de lêste twa meter fan de wanden de grûn yn trille wurde. Dat sil foar oerlêst soargje foar omwenners. Om de hinder safolle mooglik te beheinen, wurdt wurke yn trije blokken fan twa oeren. Dat wurdt dien op moandei 31 oktober en op 7 novimber.