Hûndert kij en kealtsjes yn 'e pronk foar de feekeuring

Mear as hûndert kij en kealtsjes stean tongersdei te pronkjen yn Oentsjerk neist harren eigeners. De jierlikse feekeuring fynt wer plak. Maneezje de Sanjes is foar de tsiende kear it ûnderkommen foar de keuring. Sûnt tongersdeitemoarn betiid binne de boeren al oan de gong om de kij moai te meitsjen.
Bestjoerslid Jacobus Eppinga fertelt dat de measte minsken tsien dagen yn it foar al begjinne mei de tariedings. "Dan begjinne we al mei it waskjen fan de kij. Op de lêste dei wurde de kij noch ien kear wosken en kjimd. Hjoed moat it dan wêze!"