Minder Friezen yn de WW
It oantal WW-útkearingen yn Fryslân is yn septimber mei 103 útkearingen ôfnaam nei 17.844. Dat is 5,4 prosint fan de beropsbefolking. Neffens it UWV past dit yn it lanlike byld, dêr't it oantal útkearingen ek ôfnaam. Troch de groeiende ekonomy binne der neffens de útkearingsynstânsje mear banen en fakatueres.