Kollum: "Obesitasflecht"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Anni Friezinger, jim kenne har grif noch. De Dútske reedrydster dy’t mei in Fryske boer út Dearsum troude. Dy boer koe ek aardich ride, in gouden medalje op de Olympyske Spullen yn Nagano op de 1000 meter en dêrmei waard Ids Postma de earste Fries dy’t dat berikte. Dat wolle we noch wolris ferjitte, mar dochs is de altyd beskieden bleaune Ids syn goud histoarysk besjoen unyk. Syn frou Anni stie yn de Volkskrant. Se docht tsjintwurdich yn klean. Skandinavyske klean om krekt te wêzen. Se hat in winkel yn Snits en ien yn Salzburg. Frou fan de wrâld. Op de fraach oft se de riderij ek miste, sei se: ‘Nee, het schaatsen mis ik niet. De laatste keer dat ik een schaatspak heb aangetrokken is alweer twee jaar geleden. Het enige wat ik wel mis is mijn afgetrainde lichaam uit die tijd.’ No is der mei har stâl op dy foto noch net folle mis, Ids hat neat te seuren wat dat oanbelanget.
Mar oer ôftrainde liven sprutsen, ik moast oan Anni har opmerking tinke doe’t ik in opmerklik berjochtsje tsjinkaam. Wy wurde allegearre mei elkoar grouwer en grouwer. Gean ergens op in bankje sitten op in drok punt en sjoch mar nei de minsken. Dan sjogge jo it bewiis foarby kommen. Dêr kin gjin Basic Fit tsjinoan. Wy frette ús hjir mei elkoar nei in algemien obesitasprobleem. We sporte minder, allinnich de eagen en ús twa tommen wurkje hurd, want dy moatte wy brûke om ús mobyl te betsjinjen. Dus de brilleboeren sille wol wurk hâlde.
Mar der is altyd noch it lân fan de ûnbegrinze mooglikheden. Dêr fine wy de oertreffende trep fan dit grouwe liven gedoch. Want alles yn Amearika is grutter, dus ek it obesitas probleem. De fastfood kultuer mei byhearrende enerzjydrankjes blike in garânsje foar grouwe minsken. Dan komme der fansels praktyske problemen. As jo bygelyks op Hawaiï wenje en jo betinke dat je wol even in tripke nei Amearikaansk Samoa meitsje wolle. De eilannegroep Samoa leit yn de Stille Oseaan en is foaral bekend omdat it der waarm is en omdat se der rugby spylje. Dat binne ek stevige hearren, dy rugbyspilers, mar meastal wol ôftraind en foaral besteand út spiermassa. Der binne ek in soad dy’t dêr op lykje, mar dat is in oar ferhaal. It groulivige folk op Samoa en Hawaiï wurdt swierder en swierder.
En no komt it, Hawaiian Airlines fersoarget de flechten tusken de beide tropyske bestimmings. Normaal sprutsen meie jo sels jo plakje yn it fleantúch útsykje, soks bart tsjintwurdich allegearre digitaal fansels. Mar net by de flecht tusken Hawaiï en Amearikaansk Samoa. De lieding fan Hawaiian Airlines hat besletten dat se sels foar in evenredige ferdieling fan it gewicht oer it tastel soargje. Dus grouwe John Doe mei miskien wol net njonken syn noch grouwere frou sitte. Ut feilichheidsoerwagings. No, dan is de swarte Pyt diskusje hjir noch neat. Diskriminaasje, raasden de passazjiers, omdat de regel allinnich op de flecht tusken Honolulu en Pago Pago jildt.
De fleanmaatskippij reagearre dat it ûnsin sin is om fan diskriminaasje te sprekken, mar dat se de maatregel naam ha om de feiligens fan de grouwe klup reizgers te garandearjen. Omdat it tastel oars by in needlanning op guon plakken te swier is en út it lead hinget. Ik fyn dit echt opmerklik nijs. Sels in bytsje soarchlik.
Hoe kaam ik der ek al wer by? O ja, Anni Friezinger. Reedride. Winter. Neat gjin tropyske eilannen. De feart út. Soe it, dit jier? "