Sigaretten stellen by Ljouwerter supermerk

© ANP
By de Jumbo oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert binne woansdeitenacht rûn trije oere in grut oantal sigarettepakjes stellen. Ut kamerabylden blykt dat trije persoanen yn swarte klean en bivakmûtsen de winkel ynkomme en de pakjes yn in kessensloop dogge. Op in scooter naaiden se út yn de rjochting fan de Jan van Scorelstrjitte. De ynbrekkers koenen binnenkomme troch in rút neist de haadyngong yn te tikjen. It is de twadde kear dat der ynbrutsen wurdt yn de supermerk. Yn april dit jier namen ynbrekkers ek al sigaretten mei.